Van der Zwan wol minder plysje

29 sep 2013 - 17:48
  • ME hâldt de boel yn 'e gaten nei de wedstriid Heerenveen-Cambuur
  • Tjeerd van der Zwan

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean is tige te sprekken oer it ferrin fan de risikowedstriid tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur. Neffens him hat de neadferoardering previntyf wurke en is alles nei winsk ferrûn. Op trije oanhâldings nei hoechde de plysje net yn te gripen.

Wol fynt Van der Zwan dat der te folle plysjeminsken nedich binne om de boel yn 'e stringen te hâlden. Hy set fraachtekens by de fraach oft dat tsjintwurdich noch wol maatskiplik ferantwurde is.

Van der Zwan sil ynkoarten mei de Ljouwerter boargemaster Ferd Crone om tafel om te sjen oft de plysjeynset by de return yn Ljouwert fermindere wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)