Van der Zwan wol iepenheid

08 mrt 2010 - 09:50

De partijen yn Achtkarspelen moatte folsleine iepenheid jaan oer de kolleezjeûnderhannelings. Allinnich sa kinne de partijen it betrouwen fan de kiezer werom krije. Dat skriuwt boargemaster Van der Zwan yn in brief oan de ûnderhannelers. Hy is skrokken fan de lege opkomst fan 54 persint.

Neffens Van der Zwan is dat ta te skriuwen oan te min betrouwen fan boargers yn de polityk. De boargemaster wol sels gjin polityk gefoelige portefúljes ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)