Van der Zwan earst oan sydline

28 maaie 2013 - 14:14
  • Tjeerd van der Zwan

Boargemaster Tjeerd van der Zwan stiet iepen foar in ûnderhannelingsposysje by Sportklup Hearrenfean, mar sil dêryn gjin inisjatyf nimme. Dat seit Van der Zwan as reaksje op in oprop fan de VVD yn de gemeenteried. De VVD wol graach dat de boargemaster bemiddelet yn it konflikt tusken alle partijen rûn Sportklup Hearrenfean. De VVD makket him soargen oer de situaasje binnen de fuotbalklup, dy't liedt ta in soad negative publisiteit. Van der Zwan wol allinnich bemiddelje as de partijen him dêr foar freegje en as hy tinkt dat it wat opsmite kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)