Van der Ziel wint Langsweagen

21 feb 2010 - 13:59
  • Van de Ziel (argyffoto: NWF-regiosport)

Hurdrinner Albert_van_der_Ziel hat sneon de 22,6 kilometer lange Acht fan Langsweagen wûn. De Berltsumer sette 1.17,19 op de klok. Op 27 sekonden kaam Johnny Nagelhout fan It Hearrenfean oer de streek. Tredde waard Henri Veldman út Bontebok yn 1.19,05.

Wilma van Galen út Wolvegea wûn it by de froulju yn 1.40,30. Op de tsien kilometer gong de winst nei de talinten Remco Bijlsma fan Koarnjum en Charissa Zijlstra út Lekkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)