Van der Zaag nei Winschoten

30 jan 2009 - 14:20
  • Van der Zaag krijt op 'e nij it ketling om

Ald-boargemaster Pieter_van_der_Zaag fan Smellingerlân wurdt tydlik earste boarger fan Winschoten, yn Grinslân. Hy folget dêr Janny_Vlietstra op. Dy âld-wethâlder fan Ljouwert is dizze wike beneamd ta deputearre yn Drinte.

De 68-jierrige Van_der_Zaag begjint op 1 febrewaris yn Winschoten. Hy wie oant desimber 2005 boargemaster yn Smellingerlân. Dêrnei hat er faker dy post waarnommen, ûnder oare yn Limburch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)