Van der Wey traint by Cambuur

13 jul 2004 - 00:00

Oanfaller René van der Wey, ôfkomstich fan SC Hearrenfean, sil mei yngong fan tiisdei syn kondysje op peil hâlde by Cambuur. Van der Wey krige op it Hearrenfean gjin kontraktferlenging en siket noch hieltiid om in nije klup.

Van der Wey hie kontakten yn Ierlân en by Heracles, mar dat is him noch net wurden. Hy traint no by de beloften fan Cambuur, dy't dit seizoen ûnder lieding steane fan âld-spiler Peter de Roo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)