Van der Werff (CDA) nei it Bilt

05 des 2002 - 00:00

CDA'er Aucke van der Werff (49) wurdt de nije boargemaster fan 'e gemeente It Bilt. De gemeenteried gie woansdei unanym akkoart mei de foardracht fan Van der Werff. Hy hat bestjoerlike ûnderfining as wethâlder en loko-boargemaster fan Wymbritseradiel.

Van der Werff is tige wiis mei de foardracht. As de minister fan ynlânske saken akkoart giet wurdt Van der Werff de opfolger fan Klaas Dankert, dy't nei 13,5 jier op it Bilt mei pinsjoen giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)