Van der Werf noch oan de lieding

30 aug 2006 - 12:29

Sylster Brechtje van der Werf fan Snits giet noch hieltyd oan de lieding yn Sina. Yn de Yngling-klasse hawwe Van der Werf, Mandy Mulder en Janneke Hin fiif punten foarsprong op in Ingelsk trijetal. Dat betsjut dat se yn de lêste race fiif plakken ûnder de Ingelsen einigje meie om it toernoai winnend ôf te sluten.

It toernoai yn Sina jildt as tarieding op de Olympyske Spelen dy't op it selde wetter hâlden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)