Van der Weij wol dúdlikheid

30 apr 2005 - 11:51

Oanfaller René van der Weij fan Cambuur wol dúdlikheid oer syn takomst. Van der Weij spilet op amateurbasis by Cambuur. Eltsenien is posityf oer Van der Weij, mar hy moat wachtsje oant it momint dat de nije trainer, Roy Wesseling, him besjoen hat. Mar dy is krekt opereard oan in hernia en foarearst net by steat om him te besjen.

Cambuur spilet freed de foarlêste thúswedstriid tsjin Go Ahead. It is de alderlêste kâns op neikompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)