Van der Wal wint op 'e Sweach

11 jun 2003 - 00:00

Eelke van der Wal fan Holwert wûn woansdeitejûn it kritearium fan Beetstersweach oer 80 kilometer. Van der Wal bleau yn 'e einsprint Marco Bos (2) fan Roden en Tonny Teuben (3) fan De Knipe fier foar. It earste kritearium op 'e Sweach sûnt 1981 waard yn heech tempo ôfwurke.

Johan Dalstra fan Bûtenpost waard 4de, Tim Hiemstra fan Drachten 5de, Peter de Vries fan Oranjewâld 6de en Germ van der Burg fan Folsgeare waard sande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)