Van der Wal wint, Kamminga 2e

05 jan 2014 - 17:12
  • It poadium fan Dronten
  • Manon Kamminga

Manon Kamminga fan It Hearrenfean is snein twadde wurden by it NK maraton yn Dronten. Yn in spannende einsprint gong de winst nei Foske Tamar van der Wal. Foar Van der Wal is it de twadde kear dat se de nasjonale titel pakt. Ek yn 2006 mocht se it read-wyt-blau oanlûke. It brûns gong nei Sharon Hendriks.

It NK krige dit jier in swart rântsje troch it hommelse ferstjerren fan Sjoerd Huisman. De 27-jierrige maratonrider ferstoar ôfrûne moandei oan in hertstilstân. Ek yn it frouljuspeleton koenen se de broer fan Mariska Huisman goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)