Van der Wal nr.7 op PAL-list

21 maaie 2013 - 11:23

Piet van der Wal stiet op it sânde plak op de konseptlist fan syn partij PAL/GroenLinks, foar de gemeenteriedsferkiezings yn Ljouwert yn novimber. Van der Wal dy't troch syn partij "icoon van de gemeenteraad" neamd wurdt, soe dan mooglik net mear yn de Ljouwerter ried weromkomme.

Op 22 juny kinne de leden har oer de konseptlist útsprekke. PAL/GroenLinks hat op dit stuit fiif sitten yn de ried. Piet van der Wal wie fan 1972 oant 1988 riedslid yn Ljouwert, yn 2002 kaam er werom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)