Van der Wal ferliest rekord

03 sep 2006 - 15:31

Dammer Anton van Berkel hat sneon yn Diessen it wrâldrekord simultaandammen ferbettere. De ynternasjonaal master naam it yn 19 en in heal oere op tsjin 249 tsjinstanners. Hy wûn dêrby 173 partijen, spile 59 kear remise en ferlear mar santjin partijen.

Syn winstpersintaazje fan 81,3 persint wie foldwaande om it 19 jier âlde rekord fan Jannes van der Wal te brekken. Van Berkel rûn 12,5 kilometer lâns alle damboerden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)