'Van der Wal bêste riedslid'

26 feb 2006 - 17:48

Piet van der Wal fan PAL/Grien Links is it bêste riedslid fan Ljouwert. Dat docht alteast bliken út in enkête ûnder de riedsleden sels, útfierd troch it stedsblêd Liwwadders. Van der Wal jout syn fraksje de romte, komt mei eigen ideeën en soe in soad ynfloed hawwe.

Boppedat is Van der Wal lykwichtich en soe er goed op de hichte wêze. Thea Koster fan it CDA en Aukje de Vries fan de VVD wurde troch har kollega's sjoen as de grutste karriêresikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)