Van der Wal artistyk lieder

02 feb 2006 - 09:51

Kaberatier Jan Jaap van der Wal, fan Ljouwert ôfkomstich, wurdt de nije artistyk lieder fan de Comedy train en Toomler yn Amsterdam. De Comedy train is in groep fan 40 komedianten en Toomler is de akkomodaasje wêr de artiesten optrede.

Van der Wal wurdt de opfolger fan Raoul Heertje. Dy wol him rjochtsje op syn eigen karriêre. De Comedytrain yntrodusearre yn de jierren njoggentich de stand-up comedy yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)