Van der Velde teloarsteld

11 jan 2013 - 11:10
  • Earefoarsitter Riemer van der Velde

Ald-Hearrenfean foarsitter Riemer van der Velde fynt it spitich dat der gjin ekstern ûndersyk komt nei de finansjele en organisatoaryske situaasje by SC Hearrenfean. Dat ha de rie fan kommissarissen en foarsitter Robert Veenstra him witte litten. It trochljochtsjen fan de klup is al folle langer in winsk fan Van der Velde, dit omdat hy him bot soargen makket oer de klup.

"It is it foech fan de rfk om der ja of nee op te sizzen. De beweechredenen binne my ek net kenber makke", sa seit Van der Velde yn in reaksje.

"Ik tink dat men sa'n ûndersyk net nedich achtet en dêr tink ik dúdlik oars oer."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)