Van der Velde lilk op Piraeus

29 sep 2000 - 12:41

Foarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean hat in klacht yntsjinne by de UEFA-waarnimmer yn Grikelân. Hy die dat nei de wedstriid fan woansdei tsjin Olympiakos Piraeus.

Van der Velde moast op 'e tribune tusken it gewoane Grykse publyk sitte. De flibe fleach him om 'e earen. De Friezen ferlearen ek dit tredde Champions Leagueduel. It waard 2-0 yn Grikelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)