Van der Velde jout advys

28 des 2012 - 08:36
  • Earefoarsitter Riemer van der Velde

Riemer van der Velde is ien fan de eardere fuotbalbestjoerders dy't sportorganisaasjes advisearje wol. Under de namme Dutch Sports Councils hat in groep eardere fuotbalbestjoerders him feriene. Se binne beskikber om mei har ûnderfinings klups, sportbûnen en oare organisaasjes te helpen. Dêrby giet it net allinne om it fuotbal.

Neist de eardere foarsitter fan Sportklup Hearrenfean binne ûnder oare âld-foarsitter Harry van Raaij fan PSV en de eardere direkteur betelle fuotbal Henk Kesler beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)