Van der Velde giet grins oer

21 des 2006 - 13:46

De Fryske keten fan boekhannels Van der Velde wurdt fan 1 jannewaris takom jier ek aktyf bûten Fryslân. Van der Velde sil gearwurkje mei Athena's Boekhandel yn Grins. Athena's is yn Grins in bekende namme en is spesjalisearre yn keunst, literatuer, muzyk en wittenskip.

Van der Velde hat no fiif festigings: yn Ljouwert, Snits en Drachten. Se woene ek graach nei Hearrenfean, mar dat slagge net. Doe kaam Grins yn byld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)