Van der Velde ek yn Grins

23 jul 2008 - 20:14

Boekhandel Van der Velde iepenet freed in nije winkel yn Grins. De boekhannel hat op dit stuit winkels yn Ljouwert, Snits en Drachten. Yn Grins sit Van der Velde yn in gebou oan it A-kerkhof. De ferneamde boekwinkel Althena's Boekhandel wurdt ûnderdiel fan de festiging yn Grins. Dêr waarden benammen boeken ferkocht oer skiednis, filosofy en keunst.

Van der Velde hopet foaral publyk te lûken troch oeral lêsplakken yn de winkel te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)