Van der Veen wint yn Huzum

04 maaie 2013 - 16:53
  • Keatsen telegraaf

De earste haadklassekeatspartij frije formaasje foar froulju yn Huzum is sneon wûn troch Iris van der Veen, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra. Yn de finale wie it trijetal te sterk foar Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra.

De lytse preemje gong nei Wiljo Sijbrandij, Nynke Sijbrandij en Maaike Osinga dy't de striid om it tredde plak wûnen fan Sanne Velsma, Mariska Hoogland en Anke Marije Pompstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)