Van der Veen wint op Weissensee

29 jan 2004 - 00:00

Bert Jan van der Veen fan De Jouwer hat tongersdei op 'e Weissensee yn Eastenryk in maraton oer 40 kilometer wûn. Jeroen de Vries fan Sint Nyk waard twadde, Henk Angenent tredde.

By de froulju gie de oerwinning nei Linda Verdouw (Oudewater). Petra Grimbergen fan Nij Beets waard tredde. Sneon wurdt de alternative Alvestêdetocht oer 200 kilometer ferriden op de Weissensee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)