Van der Veen nei BAM-ploech

23 jan 2008 - 13:58

Maratonreedrider Bert Jan van der Veen fan 'e Jouwer giet fan Time Out nei de BAM-ploech. Hy wurdt teamgenoot fan Bob de Vries en Arjan Stroetinga. Dy makken bekend dat sy harren kontrakt mei ien jier ferlingd hawwe.

Ek trainer Jillert Anema bliuwt in jier langer by de BAM-ploech. It team wie dit seizoen bysûnder suksesfol. De Vries wûn de Essent Cup en de KNSB Cup. Stroetinga waard Nederlânsk Kampioen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)