Van der Veen fyfde yn Kanada

27 feb 2005 - 18:36

Rob van Meggelen (40) wûn sneon de alternative Alvestêdetocht op it Kanadeeske Sylvan Lake. It evenemint wie organisearre troch Evert van Benthem yn wat min ofte mear syn eigen achtertún is.

Op iis fan goeie kwaliteit waard de 200 kilometer ôflein yn fiif oeren, 33 minuten en 10 tellen. Bert Jan van der Veen waard fyfde en wie dêrmei de bêste Fryske dielnimmer. Jeroen de Vries foel út mei in krûme reed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)