Van der Steur nimt moasje oer gerjochtshôf oer

29 apr 2015 - 16:57
  • Van der Steur sjocht 'foarútgong' as it om de oanrydtiden fan de plysje giet

Minister van der Steur fan Justysje is it iens mei in moasje dêr't yn stiet dat it gerjochtshôf yn Ljouwert bliuwe moat. It wurk moat net ferpleatst wurde nei Swolle. De moasje is woansdei troch de PvdA en D66 yntsjinne yn de Twadde Keamer. De partijen skriuwe yn de moasje dat it gerjochtshôf goed berikber bliuwe moat foar de ynwenners fan Fryslân. Ek fine sy it wichtich dat der Frysk praten wurde kin by de heechste rjochter.

De reaksje fan de minister betsjut net dat it gerjochtshôf rêden is, want dêr giet de Raad voor de Rechtspraak oer.

De keamerleden wolle dat minister Van der Steur fan justysje oerleit mei ûnder oare de gemeente Ljouwert om ferlies fan arbeidsplakken foar te kommen. De minister ynterpreteart de moasje as winsk fan de Twadde Keamer dy't hy oerbringe sil oan de Raad voor de Rechtspraak, want dy giet úteinlik oer de húsfesting. Tongersdeitejûn sil der yn de Twadde Keamer stimd wurde oer de moasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)