Van der Steur en plysjefakbûnen ûndertekenje moandei CAO

29 jan 2016 - 19:53
  • Plysje-auto's sammelje by it gerjochtsgebou foar in CAO-aksje

Minister Ard van der Steur en de plysjefakbûnen sille takom moandei definityf in nije CAO ûndertekenje. Sa is freed bekend makke troch it ministearje fan Justysje. Nei moannenlang aksjefieren, ek troch de Fryske plysje, waard yn desimber lang om let in akkoart sletten. De fakbûnsleden hawwe dêr no mei ynstimd.

Yn de nije CAO stiet dat plysjeminsken in strukturele leansferheging fan 6,5 prosint krije oer de jierren 2015, 2016 en 2017. Fierder krije se ien kear in útkearing fan tûzen euro en in hegere fergoeding foar pikettsjinsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)