Van der Sleen langer by H'fean

12 mrt 2012 - 11:49

Keeperstrainer Albert van der Sleen ferlingt syn kontrakt by SC Hearrenfean mei twa jier. Van der Sleen hat in ferlege oanbieding krigen, mar set nei alle gedachten dizze moanne noch syn hantekening ûnder in nij kontrakt. "Het is allemaal een beetje minder, maar het ziet er verder goed uit", sa seit Van der Sleen.

De yn Stienwyk wenachtige Van der Sleen is al sûnt 2007 yn tsjinst by SC Hearrenfean as keeperstrainer.

Van der Sleen spile 16 seizoenen by FC Eindhoven yn de earstedivyzje. Dêrnei wie hy noch reservedoelman by NEC. Yn totaal spile hy 390 wedstriden yn it betelle fuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)