Van der Ree langer by Cambuur

01 maaie 2009 - 18:17

Dennis van der Ree hat syn kontrakt by SC Cambuur mei ien jier ferlingd. Dat hat de fuotbalklup freedtemiddei witte litten. De 30-jierrige rjochtsback stie de ôfrûne twa jier ek al ûnder kontrakt by Cambuur.

Van der Ree krige yn maart noch te hearren dat syn kontrakt net ferlingd wurde soe. Beide partijen binne der no dochs útkaam. Van der Ree spile yn it ferline foar AGOVV en FC Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)