Van der Pol nei fal útskeakele

24 jul 2003 - 00:00

Skipper Epie van der Pol fan it skûtsje fan Ljouwert folget de silerij fan tongersdei ôf fan de wâl ôf. Van der Pol gie woansdeitejûn ûnderút en kaam dêrby op syn skouder telâne. Ald-skipper Piet de Vreeze nimt de skippersrol oer, ek al is er leaver bemanningslid.

Van der Pol soe nei it feest op woansdeitejûn syn fuotten waskje. It dek fan it skûtsje waard dêrby wiet. Hy glide út en skuorde syn skouderbân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)