Van der Pal wint yn Berltsum

16 sep 2007 - 13:53

De Glazenstadloop yn Berltsum is sneon wûn troch Stefan van der Pal. De Ljouwerter einige op de 10 Ingelske mijlen yn in tiid fan 57,41 minuten. Troch de winst waard hy ek Frysk Kampioen op de 10 Ingelske mijlen. Albert van der Ziel fan Berltsum waard twadde op 1,2 minút.

Mariska Kramer út Drachten wûn mei oermacht bij de froulju yn 1 oere en 48 sekonden. Yvonne Kassenberg út Burgum waard twadde op 6 minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)