Van der Pal kampioen duatlon

05 sep 2010 - 15:35
  • Stefan van der Pal (argyffoto)

Stefan van der Pal fan Ljouwert is snein yn Drachten Frysk kampioen duatlon wurden. Yn in tige spannende finale bleau hy Johnny Nagelhout krekt foar. Nagelhout is de bettere hurdrinner en dy kaam op it lêste ûnderdiel noch hiel tichtby koprinner Van der Pal. Tiedo Tinga waard tredde yn Drachten.

Van der Pal wie earder al trije kear Frysk kampioen triatlon. Fanwege blau-alch yn it swimwetter wie it swimûnderdiel dizze kear skrast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)