Van der Pal al wer damkampioen

01 nov 2001 - 00:00

Rein van der Pal fan It Hearrenfean is Frysk kampioen damjen. Yn de tsiende omgong wûn er woansdei yn Ljouwert fan Jan Terpstra. Mei noch trije omgongen te gean is Van der Pal net mear benei te kommen foar de konkurrinsje.

Van der Pal waard yn 1986 en 1995 ek al kampioen. Dit is dus al de tredde titel. Oant no ta wûn er alle tsien wedstriden; dat wurdt mooglik in rekord.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)