Van der Molen op nije CDA-post

02 feb 2012 - 12:45

Fraksjefoarsitter Harry van der Molen fan it CDA yn de gemeente Ljouwert wurdt foarsitter fan in lanlike partijkommisje dy't de nije koers fan it CDA trochfiere sil yn de gemeentepolityk. Woansdei wie de earste gearkomste fan de kommisje. Op 20 jannewaris presintearre it CDA de nije koers fan de partij "Kiezen en verbinden - politieke visie vanuit het radicale midden".

It saneamde Strategysk Beried ûnder lieding fan Aart Jan de Geus en mei de Ljouwerter CDA-wethâlder Thea Koster hie dy nije koers betocht.

De kommisje sil no besjen hoe't dat lokaal útfierd wurde moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)