Van der Molen CDA-wethâlder

18 jan 2014 - 14:54

Thea Koster en Harry van der Molen wurde de nije wethâlders fan it CDA yn Ljouwert. Dat hat de partij op Twitter bekend makke. Earder kaam ek de PvdA al mei de nammen fan harren nije wethâlders nei bûten. Dat binne Andries Eckhart, Henk Deinum en Sjoerd Feitsma wurden. CDA en PvdA foarmje mei PAL/GrienLinks it kolleezje. Foar dy lêste partij is Isabelle Diks kandidaat-wethâlder.

It liket der op dat Ljouwert seis wethâlders krijt, wêrfan ien yn dieltiid. Moandei is de offisjele presintaasje fan it nije kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)