Van der Meulen wint yn Huzum

07 jul 2013 - 17:29
  • It winnende trio
  • Renze Pieter op slach

De frije formaasje partij fan Huzum is snein in proai wurden foar Johan van der Meulen, Renze Pieter Hiemstra en Hylke Bruinsma. Se wûnen yn de finale mei 5-3, 6-2 fan Tjisse Steenstra, Jacob Wassenaar en Cornelis Terpstra. Van der Meulen en dy hiene in poerbêste dei. Sa sloegen se yn de earste omloop it favorite partoer fan Gert-Anne van der Bos nei hûs.

De tredde priis yn Huzum gie nei it partoer fan Menno van Zwieten, Folkert van der Wei en Hans Wassenaar. Renze Pieter Hiemstra waard kening en prolongearre dêrmei syn titel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)