Van der Meulen wint keatserij yn Huzum

30 aug 2015 - 17:41
  • It partoer fan Johan van der Meulen yn 'e krânsen yn Huzum

De frijeformaasjekeatspartij yn Huzum is sneintemiddei in proai wurden foar it partoer fan Johan van der Meulen, Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra. Yn de finale wiene de manlju mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Hendrik Tolsma, Alle Jan Anema en Thomas van Zuiden. De partij einige mei it oerrinnen fan Hendrik Tolsma.

It wie de tredde seizoensoerwinning foar it partoer fan Johan van der Meulen, dy't ek ta kening útroppen waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)