Van der Meij freed oernommen

23 aug 2013 - 12:15
  • Autobedriuw Van der Meij Ferwert

It fallite autobedriuw Van der Meij yn Ferwert is definityf oernommen. Dat lit kurator Evert Jan Rotshuizen wite. Der wie al in akkoart op haadlinen en dat is freedtemoarn mei tastimming fan de rjochter-kommissaris omset yn in oername-oerienkomst. Njoggen fan de alve wurknimmers hawwe in nije baan oanbean krigen.

Foar it tankstasjon yn Ferwert wie neffens de kurator in soad belangstelling. Der is úteinlik oerienstimming berikt mei Halma Agro út Sint Anne. Trije personielsleden fan it tankstasjon hâlde har baan. It stasjon bliuwt beminske.

It bedriuw Autoschade Ferwert waard earder dizze wike fallyt ferklearre. De fjouwer wurknimmers krigen dien. Der is ien serieuze kandidaat dêr't mei ûnderhannele wurdt oer oername. Der is besletten om yn tuskentiid gewoan troch te wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)