Van der Mei ynstalearre as steatelid foar de FNP

10 des 2014 - 13:37
  • FNP

Anna Martha van der Mei fan Tsjom is woansdei ynstallearre as steatelid foar de FNP. Van der Mei beantwurde de Frysktalige ynstallaasjetekst fan de foarsitter mei de belofte 'dat ferklearje en ûnthjit ik'. Se folget Jan Visser op dy't om persoanlike redenen út de Steaten gong en krijt de portefúlje romtlike oardering, wenjen, mynbousaken en wetterbelied.

Van der Mei hat in soad politike en bestjoerlike ûnderfining. Sa wie se earder wethâlder yn Menameradiel. Yn 2011 en 2012 wie se ek al steatelid en lid fan de Kommisje Lân, Loft en Wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)