Van der Meer docht oanjefte tsjin bedriuw yn Drachten

20 nov 2015 - 17:31
  • Bas van der Meer

De 25-jierrige studint Bas van der Meer út Drachten docht oanjefte tsjin agraryske gruthannel De Boer. It bedriuw wegere him as stazjêr, omdat er iepenlik homoseksueel is. It kristlike bedriuw koe it foar him sels net ferantwurdzje om Bas as stazjêr oan te nimmen.

De studint is ek fan doel om in proseduere te begjinnen by it Europeeske Hôf foar de Rjochten fan de Minsk om it probleem op de kaart te setten. Hy hopet dat it minsken oan it tinken set.

''Het feit dat ik een vriend heb en dat het op Facebook staat, dat is voor hen het probleem geweest dat ik daar niet stage kan lopen,'' sa seit Van der Meer. ''Ik wil dat zij weten dat wat zij doen eigenlijk niet meer kan in 2015.''

Stipe fan Drachtster Boys
It fiifde alvetal fan fuotbalklup Drachtster Boys, dêr't Van der Meer spilet, stipet him ek. ''Wij staan achter onze teamgenoot en steunen hem en zijn vriend in deze roerige tijd. Het is erg dat we hier aandacht aan moeten besteden, maar we zijn blij dat we hier nu kunnen zeggen dat we trots op Bas zijn,'' sa meldt de klup op de webside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)