Van der Laan yn basis by Cambuur

02 okt 2015 - 13:23

Martijn van der Laan begjint sneon yn de útwedstriid fan SC Cambuur tsjin Roda JC yn de basis. Hy spilet linksback yn stee fan Vytas dy't noch tefolle hinder ûnderfynt fan in hamstringblessuere. Keeper Harm Zeinstra is skorst nei syn reade kaart fan ferline wike. Nienhuis stiet op de goal. Fierder feroaret trainer Henk de Jong neat oan de opstelling. Ogbeche spilet fan links. Martijn Barto stiet yn de spits. Op it middenfjild is der wer in basisplak foar Jack Byrne. Henk de Jong fynt Roda JC in lestige tsjinstanner sa sei hy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)