Van der Laan nei FC Grins

05 jul 2014 - 14:21
  • Martijn van der Laan

Sportklup Cambuur-ferdigener Martijn van der Laan makket fuortendaliks de oerstap nei FC Grins. De 25-jierrige ferdigener wie de ôfrûne trije seizoenen in fêste waarde yn de basis fan de Ljouwerters. Hy makke diel út fan it alvetal dat kampioen waard yn de Jupiler League en wie wichtich by it hanthavenjen yn de earedivyzje it ôfrûne seizoen.

Mei de oerstap nei FC Grins keart Van der Laan werom nei syn âlde klup. Boppedat krijt er dêr de kâns om Europeesk fuotbal te spyljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)