Van der Laan nei Achtkarspelen

22 maaie 2013 - 16:02

Erik van der Laan wurdt de nije gemeentesekretaris fan Achtkarspelen. Hy folget Eise van der Sluis op, dy't direkteur wurden is fan de SNN. De 45-jierige Van der Laan komt fan de Grinzer Pein en wurket no as manager en adviseur Oerheid en Organisaasje by Twynstra Gudde. Earder wurke er ûnder oare foar de gemeente Grins, de provinsje Drinte, de IBG-groep en de ministearjes fan Finânsjes en Sosjale Saken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)