Van der Kooy net nei Cambuur

16 jul 2009 - 12:10

SC Cambuur giet toch net fierder mei Mike van der Kooij fan FC Utrecht. It like der op dat de ferdigener foar in jier hierd wurde soe, mar de technyske stêf giet op syk nei in oar. Stanley Menzo wol der noch in echte mandekker by en sjocht dat net yn Van der Kooij.

Ek de oare spilers dy´t op proef wiene by Cambuur, komme net yn oanmerking foar in kontrakt. Mohammed Saeid, Jack Santos en Nadjim Haroun wurde troch de klup net as in direkte fersterking sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)