Van der Knaap ferlit Tryater

30 nov 2006 - 16:41

Saaklik lieder Ben van der Knaap ferlit Tryater. Van der Knaap giet nei de gemeente Snits as kultureel kertiermakker. Van der Knaap wurdt in Snits ferantwurdlik foar de bou fan it nije teater en foar de tuskentiidske teaterprogrammearring oant it nije teater der is.

Van der Knaap hat hast tsien jier by Tryater wurke. Hy wie belutsen by lokaasjeprojekten as Peer_Gynt, Kening Lear en Pak_´m_Stanzi.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)