Van der Kamp hast wer fit

01 des 2007 - 12:29

Basketballer Rein van der Kamp sil oer fjouwer wiken wer beskikber wêze foar Aris Friesland. De forward hat in sjochoperaasje hân, mar de dokters hawwe gjin grutte problemen sjoen. Sy ferwachtsje dat hy mei de krystdagen wer spylje kin. Van der Kamp kampt mei in knibbelblessuere.

Van der Kamp kaam oan it begjin fan dit seizoen oer fan Swolle en spile noch mar in moanne mei by Aris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)