Van der Heide werom yn basis

28 okt 2010 - 13:50
  • Sandor van der Heide

SC Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide keart tsjin Telstar werom yn de basisopstelling. Van der Heide krige de lêste wiken gjin basisplak fan de yntusken opstapte Stanley Menzo. Alfons Arts, dy't no haadtrainer is, sjocht foar de Snitser in wichtige rol op it middenfjild fan de Ljouwerters.

Arts kin net beskikke oer Mark de Vries, Reza Ghoochannejhad en Nuelson Wau. Sy binne blessearre. Leon Hese is noch in fraachteken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)