Van der Heide werom by Cambuur

30 sep 2010 - 13:12

SC Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide is wer fit, en sit tsjin Fortuna Sittard wer by de seleksje. Van der Heide wie in pear wiken útskeakele mei in blessuere oan de ribben. Hy begjint nei alle gedachten op de bank. Ofgeande op de lêste training spilet trainer Stanley Menzo mei deselde opstelling as yn Den Bosch.

Mark de Vries sit yn dat gefal ek wer op de bank. Menzo kin net beskikke oer de blessearren Van Boxel, Rustenberg, Reza, Wau en twadde keeper Te Loeke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)