Van der Heide werom by Cambuur

03 des 2009 - 15:00
  • Sandor van der Heide

Middenfjilder Sandor van der Heide fan SC_Cambuur is freed ynsetber foar de wedstriid tsjin Go Ahead Eagles. Van der Heide miste troch in blessuere oan de knibbel de lêste wedstriid tsjin Telstar.

Randy Rustenberg, Rudy Jansen en Jos van Nieuwstadt binne der troch blessueres net by. Nei alle gedachten komme Rustenberg en Jansen foar de winterstop net mear yn aksje. Hoe't Cambuur freed spylje sil woe trainer Stanley Menzo noch geheim hâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)