Van der Heide werom by Cambuur

08 des 2011 - 12:58
  • SC Cambuur

Sandor van der Heide begjint freed by Cambuur yn de thúswedstriid tsjin Veendam yn de basis. De Snitser sil ek de oanfierdersbân wer drage. Oguhzan Türk is skorst nei syn reade kaart ferline wike yn de wedstriid tsjin FC Zwolle.

Robert van Boxel begjint op de bank. De sintrale ferdigener dy't nei in lange blessuere wer basisspiler waard, hat in lytse weromfal yn de foarm. Leon Hese spilet, mei masker, mei Martijn van der Laan yn it sintrum fan de ferdigening.
Ek Charles Dissels begjint op de bank. Syn ferfanger yn de basis is Bob Schepers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)