Van der Heide wer yn seleksje

07 maaie 2009 - 13:13

Sandor van der Heide sit wer by de seleksje fan Cambuur. De middenfjilder siet ferline wike op de tribune. Nei in ferhelderjend petear tusken Van der Heide, trainer Menzo en direkteur Pama, wie sneon de kjeld al wer fan de loft.

Cambuur spilet freed de lêste kompetysjewedstriid yn Oss tsjin TOP. Foar beide ploegen stiet neat mear op it spul. Cambuur bliuwt tredde. TOP Oss hat al in perioadetitel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)